Bewerkt trieme (2)

 

 

Triemelied

 

 

Op de Trieme, op de Trieme

op ús skoalle yn St Jut

doch wy stap foar stap in stapke

groeie wy hiel stadich grut.

Op de Trieme, op de Trieme

stap foar stap nei boppen ta

eltsenien dy kin’t hjir fine

Ja de Trieme dy is sa!

 

Asto noch in beuker bist

en fan boartsje alles wist

yn ‘e sânbak poppehoeke,

loftkastielen, hupsasa

Op’e trieme fan’e ljedder

stap foar stap nei boppen ta.

 

Sjochris hoesto skriuwen learst

en fan lêzen hâldst it meast

sommen meitsje, tafels leare,

toutsje springe kinsto sa.

Op’e trieme fan’e ljedder

stap foar stap nei boppen ta.

 

Fryslân fynsto op’e bol

skiednis dat begrypsto al

tekenkeunstwurk, Ingelsk prate,

apekooi der noch op ta.

Op’e trieme fan’e ljedder

’t lêste stapke setsto sa!